Aldste ynwenner ferstoarn

12 aug 2011 - 09:01

Yn Ljouwert is freed Geertruida Draaisma, de âldste frou fan Nederlân ferstoarn. Se wie 109 jier en sûnt novimber de âldste ynwenner fan it lân. Frou Draaisma wenne sûnt 1993 yn fersoarginsghûs De Hofwijck yn Ljouwert.

Se waard yn 1902 berne yn Makkum en wurke in grut part fan har wurksume libben by huoddesaak Dechesne yn Ljouwert. Letter wenne se mei har suster yn Den Haach. Yn febrewaris fierde frou Draaisma har 109e jierdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)