Fragen oer brânwachtkazerne

De FNP yn Hearrenfean wol fan b. en w. witte oft de brânwachtkazerne yn Nijhoarne iepenbliuwe kin. De kazerne is ien fan meardere dy't fanwege besunigingen op de nominaasje stiet om sletten te wurden.
Mei de sluting soe 90.000 euro besparre wurde kinne. Mar neffens de brânwacht yn Nijhoarne leit de echte besparring folle leger. Pleatslik belang wol dat de gemeenteried fan Hearrenfean him der foar ynsette om de brânwachtkazerne iepen te hâlden.