Brânwacht nei kempings ta

11 aug 2011 - 21:39

Kempinggasten yn Fryslân moatte wach wêze op brângefaar. Dat seit de brânwacht fan Gaasterlân-Sleat. In groep minsken fan de brânwacht giet dêrom by kempings del om dêr ynformaasje oer te jaan.

Op sa'n foarljochtingsmiddei wurdt der in spultsje dien mei bern en dy meie dêrnei sels ek mei in echte brânslang blusse. De earste foarljochting wie tongersdei by Kemping Zonneheuvel yn Aldemardum. Nije wike is der foarljochting op de Wigwam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)