Amelân sjongt oer rêdingsboat

11 aug 2011 - 20:48

Leden fan it yntertsjerklik koar op It Amelân fiere dizze hjerst in teatrale sjongfoarstelling op oer it rêdingswêzen. Dat bart op trije jûnen yn de tsjerke fan Hollum.

De produksje hjit Paardenkracht/ Mannenmoed en giet oer ûnder oare it hynstedrama yn 1979. De acht hynders dy't de rêdingsboat it wetter ynlutsen ferdronken allegear. Der binne 750 kaarten. It koar hopet mei de foarstelling mear leden te lûken. Wouter Daane út Marsum docht de rezjy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)