Snitswike sportyf goed

11 aug 2011 - 19:51

Sportyf sjoen is de Snitswike fan 2011 dochs noch knap ferrûn. Dat seit Gerlof van der Werf fan de wettersportferiening KWS. Nettsjinsteande de rein en hurde wyn koene úteinlik fiif fan de seis plande wedstriden trochgean.

Op it starteilân is tongersdeitejûn de huldiging fan de haadpriiswinners. Van der Werf sprekt wol fan minder gesellichheid as oars. Taskôgers en silers hiene lêst fan it waar en bleaune minder lang hingjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)