Eask pornosaak: 30 moanne sel

11 aug 2011 - 18:19

De Jouster learaar (32) dy't yn maaie oanholden waard yn in bernepornosaak, moat 30 moanne de sel yn, wêrfan 10 ûnder betingst en ferplicht behannele wurde. Dat hat it OM easke. Hy wurdt fertocht fan it besit, meitsjen en fersprieden fan berneporno.

De man hat as ûnderwizer fan de Van Kleffenskoalle op It Hearrenfean en as trainer fan SC Joure stikem foto's makke fan dûsjende bern. Dat die er tusken 2006 en 2011. De saak kaam begjin dit jier oan it rôljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)