Twichtwedstriid hast los

11 aug 2011 - 14:36

Foar de Moanne fan it Fryske Boek wurdt wer de gedichtewedstriid Twicht organisearre. Meidwaan kin troch tusken 15 augustus en 30 septimber in gedicht op twitter te pleatsen.

Gedichten dy't folge wurde troch #twicht en yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen publisearre wurde dogge mei foar de Sulveren Twicht en wurde publisearre op de site fan de Moanne fan it Fryske Boek. Ferline jier waarden mei-inoar sa'n 550 twichten ynstjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)