Fryske flechtlingen tige earm

11 aug 2011 - 13:49

Fryske flechtelingen binne neffens Vluchtelingenwerk Noard Nederlân noch earmer as yn de rest fan Nederlân. Ut ûndersyk docht bliken dat 30% fan 'e flechtelingen ûnder de earmoedegrins libbet. Yn Fryslân ha se it noch wat dreger om't hjir minder wurk is.

De finansjele swierrichheden ûntsteane om't se in minimumynkommen hawwe. As se in status krije wurde se yn in leech hûs pleatst, dat noch folslein ynrjochte wurde moat. Omdat se hjir gjin famylje ha moat alles kocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)