De Leeuw net by Cambuur

Melvin de Leeuw docht freed by Cambuur net mei yn de thúswedstriid tsjin FC Eindhoven. De oanfaller hat yn de wedstriid tsjin AGOVV Apeldoorn (4-2 winst foar Cambuur) syn noas brutsen. De Leeuw krijt in masker, mar dat is noch net klear.
Mohamed el Makrini hat syn 'middenhandsbeentje' brutsen. Hy begjint op de bank. Bob Schepers en Oghuzan Türk begjinne freed yn de basis. Fierder hat de technyske stêf gjin wizigings oanbrocht yn it alvetal.