Túnkers hawwe it hiel dreech

11 aug 2011 - 11:54

Túnkers moatte har better organisearje. Oars sille der noch in soad fallyt gean, seit túnker Aart Cornelisse fan Berltsum. Sûnt de útbraak fan de EHEC-baktearje steane de prizen swier ûnder druk. Al wiken wurdt fier ûnder kostpriis ferkocht en ek it foarútsjoch is net goed. In tal túnkers hat it fallisemint oanfrege.

Net allinnich komkommertylders hawwe it dreech. Ek de tomate- en paprikaprodusinten krije op 't heden mar kwalik jild foar har produkten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)