Grinzer sûnder rydbewiis pakt

De plysje hat woansdeitejûn op de Wâldwei by Drachten in 28-jierrige automobilist út Grins betrape op riden sûnder rydbewiis. De man waard oanhâlden omdat er mei 152 kilometer oer de dyk fleach, wylst er dêr mar 100 de oere ride mocht.
De man hat in proses-ferbaal krigen foar it riden sûnder rydbewiis en foar it te hurd riden. Syn auto is yn beslach naam. De man sels is ophelle troch freonen.