Saak-Kooistra: gjin kassaasje

10 aug 2011 - 17:35

De Ljouwerter (21) dy't feroardiele is foar de moard op Niels Kooistra giet net yn kassaasje tsjin de straf dy't hy oplein krige. Hy kin him fine yn de motivearring fan it Hôf, útsein dat hy Kooistra fermoarde hat. De Ljouwerter dy't tsien jier de sel yn moat wol fierder fanwege alle gefoelens in punt efter de saak sette.

Yn augustus 2008 stuts hy Kooistra fjouwer kear. Kooistra rûn dêrby in hege dwersleasy op en koe net libje sûnder beazeming.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)