UB40 meikoarten yn Ljouwert

10 aug 2011 - 14:41

De Ingelske reggaeband UB40 jout ein augustus in konsert yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Neffens de organisaasje fan it konsert giet in om in simmerske reggae-spesjal.

UB40 wie yn de jierren tachtich bot populêr en hie in wrâldhit mei it nûmer Red Red Wine. It is de earste kear dat de band optreedt yn Ljouwert. Yn it WTC binne letter fan 't jier noch mear grutte muzykeveneminten, mei ûnder oare Golden Earring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)