Tredde list Freuledei bekend

Foto: Jaap Elzes, Omrop Fryslân
It Freulepartoer fan Wommels ferlear op de twadde list mei 5-2 en 6-2 fan Minnertsgea, ien fan de favoriten fan de 109de Freulepartij yn Wommels.
Tusken de middei binne der al twa omlopen ferkeatst yn Wommels mei frijwat iensidige partijen. Yn de tredde omloop steane de folgjende partijen op it programma: Wytmarsum-Gytsjerk, Tsjummearum-Seisbierrum, Makkum-Frjentsjer, Tsjom-Minnertsgea, Sint Jabik-Arum en Sint Anne tsjin Dronryp.