SWF siket jildt foar Ofslútdyk

10 aug 2011 - 12:16

De gemeente Súdwest-Fryslân giet mei frisse moed fierder om jild te finen foar de ûntwikkeling fan de Ofslútdyk. De gemeente wie teloarsteld doe't steatssiktaris Atsma fan Ynfrastruktuer bekend makke dat der 600 miljoen eur beskikber is foar de dyk, mar dat dat jild foaral bedoeld is foar de feiligens.

Foar plannen om de Ofslútdyk oantrekliker te meitsjen mei in grut duorsumenssintrum en oare saken om toeristen te lûken, hie Atsma gjin jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)