Priisútrikking SKS op ynternet

10 aug 2011 - 09:35

Wyn of gjin wyn, op freed 12 augustus fynt dochs de einstriid plak fan it SKS skûtsjesilen, mei as ôfsluting de priisútrikking yn Snits. Omrop Fryslân bringt dit jier foar it earst ek de priisútrikking fan it SKS kampioenskip live yn byld.

De útrikking is te sjen op freed 12 augustus tusken 20:00 en 22:00 oere op de ynternetstjoerder Omroplive.nl. It offisjele part begjint om 20:30 oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)