Marit Bouwmeester wer poerbêst

Marit Bouwmeester wie tiisdei wer bêst op it Olympyske testevenemint yn Weymouth. De Laser radial sylster fan Warten waard in kear twadde en earste. Yn de tuskenstân hat se no 24 punten foarsprong op de nûmer twa, Evi van Acker út België en 45 op Paige Railey fan Amearika.
Woansdei wurdt der noch twa kear syld. Dêrnei komt de medaljerace mei de bêste tsien fan it klassemint. It soe wêze kinne dat Marit foar dy race de winst al binnen hat.