Nije regels parkearen Harns

Yn de wenwiken om it sintrum fan Harns hinne, komt in blauwe parkearsône, dêr't noch mar twa oeren parkeard wurde mei. Dat is nedich omdat ek it betelle parkearen útwreide wurdt. It giet dan om De Spiker en Plan Súd.
Harns wol mei dizze maatregels de oerlêst tsjingean, ûnderoaren fan parkearende eilângongers, dy't har auto goedkeap kwyt wolle. Doel is dat der aanst mei de GSM betelle wurde kin foar in parkearplakje. Besikers wurde mei buorden it paad wiisd.