Wylgen yn Ljouwert fuorthelle
Op ferskate plakken yn Ljouwert wurde de kommende wike sike wylgen fuorthelle. Nei ynspeksje docht bliken dat 22 wylgen de wettermerksykte ha. Dat is in besmetlike sykte dy't der foar soarget dat de beammen stadichoan ôfstjerre. De baktearje wurdt troch de wyn ferspraat.
Om mear besmettings foar te kommen grypt de gemeente Ljouwert rap yn. Foar alle 22 wylgen komme nije beammen werom.