Fryske hackers foar rjochter

09 aug 2011 - 19:37

Tsjin twa fertochten út Sleat en Dokkum binne tiisdei selstraffen oant fjouwer moanne ûnder betingst easke. De twa hearre by in groep fan fiif hackers, dy't fertocht wurde fan ynbraken op netwurken fan Amerikaanske en Europeeske universiteiten. Se waarden al yn 2008 oppakt.

De fiif wurdt te leste lein dat se mei opsetsin op dy netwurken romte makken om films, muzyk en software te downloaden. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)