Grillige beurskoersen

09 aug 2011 - 16:44

De grillige beursgong hâldt ek Fryslân yn 'e besnijing. It wie tiisdei wer in senuweftige dei op 'e beurzen. De koersen skeaten op en del.

Neffens fermogensbehearder Gosse Akkerman fan It Hearrenfean is de boaiem hast berikt. Dan kin foar net folle jild wer fan alles kocht wurde. Troch de beursdelgong soe der wol in nije resesje komme kinne, tinkt Akkerman. Hy hannelet foar partikulieren. It bedriuw dêr't er wurket hat it drokker as oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)