Kempingeigner: jongeren wolkom

Jongeren bliuwe wolkom op kemping Stortemelk op Flylân, seit eigner Jan van der Veen. Moandeitenacht soarge in groep fan sawat fyftjin jongeren út Wageningen foar in soad oerlêst. Se fernielden lampepeallen, foelen oare toeristen lestich en soargen hast foar fjochterij yn in kafee yn it doarp. Tiisdeitemoarn waarden se fan it eilân ôf set. Van der Veen fan Stortemelk seit dat it mar om in lyts diel fan de jongeren giet dat oerlêst feroarsaket.