Nij basketbalfjild Hearrenfean
Op It Hearrenfean is tiisdei in bysûnder basketbalfjild iepene. It is betocht troch keunstner Remon de Jong.
De Jong hat op it fjild in tsien meter grutte, saneamde QR Code makke. Dat is in moderne streekjeskoade dy't mei in mobile tillefoan skand wurde kin. De koade ferwiist nei in webside.