Rôze Moandei yn Snits

09 aug 2011 - 12:37

Yn Snits is moandei yn 'e Snitswike foar it earst in Rôze Moandei hâlden. 'Homomem' sjongeres Imca Marina wie te gast. Op it plein op de Merkstrjitte waard in beskieden feestje fierd.

De Snitser Rôze Moandei is op tou set troch Manon Thomas. De ferneamde ynwenster fan Snits fûn dat grutte homofeesten yn Tilburg en Nijmegen yn Noard-Nederlân neifolging krije moatte. De homodei moat in jierliks evenemint wurde yn de Snitswike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)