Hûnderten xtc-pillen

09 aug 2011 - 10:37
XTC-pillen (argyffoto Omrop Fryslân)

In 24-jierrige ynwenner fan de gemeente Eaststellingwerf is moandeitemiddei oanhâlden foar hannel yn harddrugs. De man is pakt op de Venekorterkrusing yn Easterwâlde.

Yn it hûs fan de man binne hûnderten xtc-pillen fûn. Dêrneist fûn de plysje in tas mei wyt poeier, nei alle gedachten harddrugs. It guod is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)