Dronken de sleat ynriden

09 aug 2011 - 10:14

In automobilist (20) út Grins is moandei ferwûne rekke doe't er dronken in sleat by Boarnsweach ynried. De man rûn dêrnei nei it hûs fan syn âlden dat yn 'e buert stiet. Hy wie ferwûne en dêrom belle syn heit in ambulânse. Dy brocht him nei it sikehûs. Dêr is de man oan syn ferwûnings behannele.

Nei de behanneling naam de plysje in blaastest ôf. Dêr die út bliken dat de man tefolle dronken hie. Omdat it om in begjinnend bestjoerder giet, is syn rydbewiis ynnaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)