Rein wer spulbrekker Burgum

© Omrop Fryslân
Ysbrand Galama hat moandeitejûn it fierljeppen yn Burgum wûn by de topklasse. Galama pleatste him mei 18.98 meter as earste foar de finale. Mar dy finale koe troch it minne waar net trochgean. De wedstriid fan moandei wie al in útstelde wedstriid fan sneon. Doe kamen de ljeppers hielendal net yn aksje fanwege de rein.
De wedstriid fan moandei telt wol foar it klassemint. By de froulju wûn Anne Jet Leyenaar, by de junioaren Age Hulder en by de jonges Sytse Bokma