P.J. Postma bliuwt kânsryk

Pieter-Jan Postma (argyffoto Omrop Fryslân)
Siler Pieter-Jan Postma bliuwt kânsryk foar in eareplak op it pré-olympyske testevenemint yn Weymouth. Postma sylde yn de Finn-klasse nei in 2e en 9e plak. Hy stiet dêrmei tredde yn it algemien klassemint. Hy hat 5 punten achterstân op koprinner Ben Ainslie út Ingelân. Takom jier wurdt op itselde wetter syld op de Olympyske Spelen.
Marit Bouwmeester hie in rêstdei. Sy giet oan de lieding yn de Laser Radial. Bouwmeester komt tiisdei wer yn aksje, wylst Postma dan rêst hat.