Boargemaster út aksjegroep

08 aug 2011 - 21:08

Fjouwer leden fan aksjegroep 'Fan ûnderen op' hawwe skreaun op de funksje fan boargemaster fan Súdwest-Fryslân. It giet om Henriëtte Hemmink, Arnaud Kiers, Doede Visser en Jacob Leenstra. 'Fan ûnderen op' wie fûl tsjin de weryndieling. De aksjegroep fynt dat de nije gemeente net op demokratyske wize ta stân kaam is.

De aksjegroep ropt oare sollisitanten op om harsels ek bekend te meitsjen. Dan hawwe de boargers ynsjoch yn wa't allegearre sollisitearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)