Ljouwerter pakt yn Grinslân
De plysje yn Grinslân hat moandeitemoarn betiid in 21-jierrige Ljouwerter ynbrekker op 'e die trapearre. De man hie tegearre mei in 17-jierrige jonge út Winschoten ynbrutsen by in kafetaria oan de Hoofdweg yn Finsterwolde.
De plysje seach beide mannen yn de buert fytsen wylst se ynbrekkersark en lytsjild út de kassa by harren hiene.