Reekpot soarget foar panyk

08 aug 2011 - 17:12

In reekpot hat sneintenacht panyk feroarsake yn de haven fan Langwar. In skipper fan in syljacht út Snits waard wekker fan leven. Hy tocht dat se syn rubberboat meinimme woene.

Doe't de Snitser de doar iependie om de kajút yn te gean, stie dy fol reek. Alle oaren oan board waarden fuort wekker, ek twa jonge bern. Om't it skip ek daalks fol reek stie, bruts panyk út. De skipper hat alle ruten iepen set om de reek derút te krijen. Nei in pear minuten koe er nei bûten ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)