Sauna Westenberg dochs iepen

08 aug 2011 - 16:02

Sauna Westenberg yn Ljouwert bliuwt foarearst iepen. De provinsje hie ferline wike it fallisemint fan de sauna oanfrege, mar moat dy oanfraach no wer ynlûke. De rjochter akseptearret de foarderings fan twa oare skuldeaskers net. Dêrtroch is de provinsje de iennige dy't jild easket fan de sauna. Dat is neffens de wet te min. Dêrom moat de provinsje it fallisemint wer ynlûke.

De provinsje hie earder in twangsom oplein foar minne wetterkwaliteit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)