Elm net skorst tsjin Ajax

08 aug 2011 - 14:22

Hearrenfeanspiler Viktor Elm is net skorst foar de earstfolgjende wedstriid tsjin Ajax. De reade kaart dy't er sneon krige tsjin NEC wurdt troch it fuotbalbûn kwytskolden.

Skiedsrjochter Wiedemeijer joech Elm read neidat er NEC-oanfaller Stef Nijland ûnderút helle hawwe soe. Elm joech fuort nei de wedstriid al oan dat er gjin oertreding makke hie. De Sweed kin snein tsjin Ajax no gewoan meidwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)