Keatsformaasjes by froulju

08 aug 2011 - 13:32

Lisette Wagenaar keatst takom jier mei Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Se nimt dêrmei it plak yn fan Margriet Koelmans. Dat partoer is dit seizoen ien fan de grutte favoriten foar de frouljus-PC.

Wagenaar ferlit Imke van der Leest en Gérieke de Groot. Van der Leest sil fierder keatse mei Afke Kuipers en Aukje van Kuiken. Oare nije partoeren foar 2012: Maaike Osinga, Nynke en Wiljo Sijbrandij en Sjoukje Visser, Iris van der Veen en Manon Scheepstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)