Anty-drugs-rin nei Maastricht

08 aug 2011 - 11:26

Fiif eks-drugsferslaafden binne moandei yn Ljouwert fan start gien fan in anty-drugs-estafette. Se rinne nei Maastricht. Dat is 378 kilometer. De start wie moandeitemoarn by de Aldehou.

De maraton is in inisjatyf fan de anty-drugsgroep Geen drugs wel leven. Dy is opset troch de Scientology Tsjerke en de stichting Narconon. Underweis diele de rinners foarljochtingsboekjes út en prate se mei boargemasters. Freed oer in wike hoopje se oan te kommen yn Maastricht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)