Tûzenste oerset Keimpetille

08 aug 2011 - 11:02

It pontsje fan Keimpetille hat sneintemiddei de tûzenste passazjier it Van Harinxmakanaal oerset. It pontsje tusken Dronryp en Frjentsjer fart sûnt ein july alle dagen fan tsien oere moarns oant acht oere jûns.

De stichting 'Keimpetille it pontsje werom' hie net tocht dat der safolle flecht op de koai wêze soe. It pontsje fart dizze simmer foar it earst yn fyftich jier wer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)