Dronken bestjoerders pakt

08 aug 2011 - 10:58

Twa dronken autoriders binne snein troch de plysje snipt. In 65-jierrige frou út Jistrum waard trapearre op de Ryksstrjitwei yn Noardburgum. Se ried al slingerjend oer de dyk. Dat hie de plysje heard. Op de Dongerawei yn Easternijtsjerk is sneintenacht in 47-jierrige automobilist út Blije oanhâlden. Hy wie ek dronken.

Beide riders moasten net allinnich it rydbewiis ynleverje, mar se krigen ek in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)