Frontale botsing by Furdgum

08 aug 2011 - 06:47

By in ûngelok by Furdgum binne sneintejûn trije minsken ferwûne rekke. Twa auto's botsten op de Hoarnestreek frontaal op elkoar. Troch de klap kamen beide auto's achterút ta stilstân yn de berm. Fjouwer ambulânses waarden oproppen om de slachtoffers te helpen. Trije ferwûnen binne nei it sikehûs oerbrocht.

De plysje hat op it plak sels ûndersyk dien nei hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)