Starteilân minder feesteilân

It starteilân yn de Snitsermar
De organisaasje fan 'e Snitswike pakt oerlêst fan jongerein op it starteilân oan. Sa giet de feesttinte om 1 oere ticht en wurdt der stranger tafersjoen op de regels. Op it starteilân sjocht de organisaasje it leafst minsken kommen dy't wat mei it silen te krijen hawwe.
It starteilân wurde de lêste jierren hieltyd mear in feesteilân. Minsken dy't foar it silen komme, binne dêr net sa wiis mei. Der wie lûdsoerlêst en boatsjes waarden lossmiten.