Chitwood tekenet by by Aris
Basketballer Calvin Chitwood spilet ek takom seizoen foar Lasaulec Aris. Hy hat in kontrakt tekene foar ien jier. De 25-jierrige Amerikaanske forward spile ôfrûne jier ek al foar de Ljouwerters. Hy wie mei syn 2.01 meter in gefaarlike spiler by de ring.
Omdat ek Gerad Punch, Andrew Dawson, Mark Sanchez en Manny Adako al bytekenen, is de ploech fan trainer Erik Braal sa goed as gelyk bleaun.