Boppe-op ferkearspealtsje
In 38-jierrige autobestjoerder út Ljouwert is sneintemoarn ferwûne rekke by in ûngelok yn Snits. De man hie in ferkearspealtsje oan de Ljouwerterwei oer de holle sjoen. Nei alle gedachten kaam dat troch de opkommende sinne. De man klapte mei de auto boppe-op de peal.
De Ljouwerter hie pine yn de nekke troch it ûngelok. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.