Tosken út de mûle slein
De plysje siket minsken dy't mear witte fan in swiere mishanneling yn de nacht fan freed op sneon yn diskoteek Alcatraz yn Snits. Om sawat ien oere waard in 17-jierrige jonge út Bilthoven slein troch ien. Hy krige in klap yn it gesicht. Dêrtroch ferlear er twa foartosken.
It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.