Silerij Snitswike stillein

07 aug 2011 - 14:48

De silerij op de Snitsermar is sneitemiddei foarearst stillein. De moarns is der noch wol syld, mar de wyn helle yn de rin fan de middei oan mei útsjitters fan krêft sân. De wedstriidlieding hat doe besletten de wedstriden út te stellen. It is noch ûnbekend wannear't de wedstriden útsyld wurde sille.

Gerlof van der Werf fan de Snitswike seit dat mei it each op de wedstriden fan de kommende wike de boaten gjin averij oprinne moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)