Wurk oan A7 rjochting Grinslân

Foto: Omrop Fryslân
Fan moandei oant en mei freed wurdt der wurke oan de A7 tusken Drachten en De Like. Foar it ferkear rjochting Grinslân is dan mar ien rydstrook beskikber.
De wurksemheden binne fan sân oere jûns oant seis oere de oare moarns. Op guon tiden binne op- en ôfritten ek ticht. It ferkear wurdt dan omlaat oer de earstfolgjende op- en ôfrit. De op- en ôfrit Fryske Peallen is ticht yn 'e nacht fan tiisdei op woansdei.