Tips foar feilige Lemsterwike

De haven fan De Lemmer (argyffoto Omrop Fryslân)
Mei de Lemsterwike yn it foarútsjoch jout de gemeente Lemsterlân boatsjeminsken tips oer feilich farren. De drokte op it wetter kin gefaarlik wêze. Tarieding kin in soad problemen te foaren komme. Goede kaarten brûke, it waar yn de gaten hâlde en om de deade hoeke fan de beropsfeart tinke, binne saken om acht op te slaan.
Op de webside fan Lemsterlân stiet in filmke dat sjen lit wat te dwaan as der al wat bart.