Kruiswijk nije oanfierder

06 aug 2011 - 23:14

Arnold Kruiswijk is de nije oanfierder fan Sportklup Hearrenfean. Kruiswijk spile sneon tsjin NEC mei de oanfierdersbân om. De ôfrûne jierren wie meastentiids Michel Breuer de oanfierder.

Neffens trainer Ron Jans wie de technyske stêf unanym yn 'e kar om Kruiswijk as oanfierder oan te stellen. Jans wol in sinjaal ôfjaan om de 'minder oanwêzige spilers' in belangrikere rol te jaan. Viktor Elm is de twadde oanfierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)