Falske start SC Hearrenfean

06 aug 2011 - 23:10
Oussama Assaidi (foto: Dirk Jan Haarsma)

SC Hearrenfean krige sneontejûn yn de lêste seis minuten it lid op 'e noas. Tsjin NEC kaam de ploech fan trainer Ron Jans yn eigen hûs op in feilige 2-0 foarsprong troch goals fan Assaidi (47e minút) en Narsingh (70e).

Nei in lykopgeande earste helte wie dy foarsprong yn it twadde bedriuw fertsjinne. Dochs waard it noch 2-2. Earst de 2-1 fan Bram Nuytinck. Dêrnei in reade kaart mei in grut fraachteken foar Viktor Elm en yn de lêste minút de 2-2 fan Stef Nijland.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)