Wynhoas: skea yn NE-Fryslân

06 aug 2011 - 22:12

In wynhoas hat sneontejûn foar grutte skea soarge yn Hantum, Foudgum en Ternaard. Yn in pear minuten tiid waaiden beammen op huzen, waard in caravan de loft ynblaasd en stoarten sêres yn.

De grutste skea wie yn Foudgum dêr't de pleats fan de famylje Boersma troch ferskate beammen trochboarre waard. It asbest fan it dak is om de pleats hinne delkaam. It wurdt nei alle gedachten snein oprêden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)