Korbach slim siik
Fritz Korbach hat noch mar in pear moanne te libjen. Dat seit er yn it Algemeen Dagblad fan sneon. De âld-trainer fan SC Hearrenfean en Cambuur hat al in skoft kielkanker. Hy hat no fan syn doktoaren te hearren krige dat de sykte net langer behannele wurde kin.
Korbach jout oan alles te besykjen om de sykte dochs de baas te wurden.