Jonge grypt plysje by de kiel

06 aug 2011 - 14:07

In 17-jierrige Amsterdammer is freedtenacht oanhâlden op Flylân. De knaap hie oant twa kear ta in plysjeman by de kiel fêstpakt. De jonge en syn twa maten soargen foar in soad lûdsoerlêst. Se giene dêrmei troch nei't de plysje harren dêrop oansprutsen hie.

Doe't er in boete krije soe, pakte de jonge ien fan de plysjes by de kiel. Mei help fan oare plysjes en befeiligingsminsken is de knaap oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)